--- NAVIGATIE ---

Sake Klases Tiemersma
 
     

    Sake Klases Tiemersma


    Geboren ongeveer 1884 te Wommels. Man.
    Woont te Hichtum en te Spannum. Hij is boer te Hichtum en Spannum (vanaf 1912).

     
     
     
    Op 'e Skille, Nûmer 9 - 26 april 2012:
    --------------------------------------

    Hûndert jier Tiemersma's Op de pleats yn Spannum.
    (Troch Hinne Bokma)
    Tachtich neven en nichten Tiemersma foar de pleats op de foto.

    De kop-hals-romp pleats oan de Tsjerkebuorren 16 yn Spannum wurdt al hûndert jier troch de Tiemersma's bewenne, Reden foar in feest, dat ôfrûne sneon plak fun en dêr't alle neven en nichten foar noege wiene. Oant 1990 is der op dit plak buorke.

    No wenje Jappie en Hanneke op de pleats, dit pake Sake Tiemersma
    yn 1912 oankocht hat. Pake Sake wie earder boer yn Hichtum. Hy
    troude mei Akke Westra. Tegearre bedarren se yn Spannum. Op stâl
    stiene doedestiids sa'n twaëntweintich kij. "Dêrmei foldie pake
    aardich oan it gemiddelde", sa fertelt pakesizzer Klaas Tiemersma ut Kollum, in broer fan Jappie. Pake Sake brocht de molke nei de
    partikuliere suvelfabryk yn Easterlittens. Dat wie wol opmerklik.
    want Sake syn heit, oerpake Klaas Jacobs Tiemersma, boer yn de
    Súdhoeke by Wommels, wie yn 1894 ien fan de oprjochters fan de
    koöperative suvelfabryk yn Wommels. Hy wie lidnûmer twa en hat
    ek jierren yn it bestjoer fan it fabryk sitten. In koöperaasjeman yn ieren en sinnen. Heit Jan Tiemersma, dy't yn 1947 de pleats oan de Tsjerkebuorren oernimt, bringt de molke wol wer nei Wommels. Yn 1973 waard Jappie boer op de Tiemersma-pleats yn Spannum. Yn 1990 waard it beslút naam der in punt achter te setten. De fjirtich kij gongen fuort, it lân ferkocht. Sûnt dy tiid tsjinnet de stal as stalling en opslachromte. "Wy koene hjir net mear buorkje.
    Utwreidingsmooglikheden wiene der net en ek de
    miljeubeheiningen begongen in hieltiten gruttere rol te spyljen", sa seit Jappie. Yn 1990 kaam hy yn tsjinst by in leanbedriuw en is no yn 'e Vut,

    "Der wurdt no troch gjin inkele Tiemersma mear buorke", jouwe de bruorren Jappie en Klaas oan, "It wie wol in boerefamylje." De âldste foarâlder, dy't achterhelle wurde koe, is Tijmen Roelofs. Hy is omendeby 1670 berne en troude yn 1693 Martje Floris ut Kûbaard. Tijmen Roelofs wie pachter fan in pleats op de terp de Tym yn Wytmarsum. It neitearn buorke op pleatsen yn Parregea, Hartwert, Kie by Frientsjer, Lollum, Wommels en Spannum.

    Fan de pleats yn Spannum is it foarein ta monumint ferklearre.
    Yn it foarein binne tal fan saken noch yn orzjinele steat, De plafonds, de bedsteedoarren, in part fan de keuken en de binnenblinen binne noch gelyk oan eartiids. As it oan Jappie Tiemersma leit sil dat ek sa bliuwe. De famylje Tiemersma hechtet in protte wearde oan tradysjes.



  • Zijn vader is:
    Klaas Jacobs Tiemersma

    Woont te Wommels (1910), Wommels Súdhoeke. Hij is boer te Wommels (1910).


  • Zijn moeder is:
    Trijntje Alberts de Groot

    Woont te Wommels (1910).
 
 
     
     

    Gehuwd

    op zaterdag 14 december 1907 te Wonseradeel (zelf 23 jaar oud) met ongeveer de 22-jarige:
  • Akke Westra
    Geboren ongeveer 1885 te Wons. Vrouw.
    Woont te Spannum.

  • 1 kind uit dit huwelijk:
    Voornaam: Kinderen: Relatie:
    Jan 2 NN

     
     
    Van deze persoon:
    Sake Klases
    Laatst gewijzigd: 07-06-2012
    Gebruikte bronnen: o.a. Tresoar.
    Regnr: 188438325
    Stamnummer: n.v.t.
    Parenteel: n.v.t.
    Bestand: STAM
    Op web: A
     
     
 
 
     
     
    Overzicht van personen gerangschikt op voornaam, achternaam of geboorteplaats: Hier
    Home: https://www.sta-data.nl/index.html
    stamboom@sta-data.nl
    Deze internetpagina is gemaakt met stamboomprogramma STA-DATA.
    op 30-07-2023